Priis foar Ljouwerter taalheld Paul Otter

03 mrt 2020 - 22:19

Paul Otter út Ljouwert is ferkeazen ta taalheld. Hy hat in priis krigen foar syn ynset om minsken te helpen dy't net lêze of skriuwe kinne of dêr muoite mei hawwe. Hy krige de priis fan prinses Laurentien, de oprjochter fan stichting Lezen en Schrijven.

Foto: Stichting Lezen en Schrijven

De stichting Lezen en Schrijven rikt de TaalHeldenprijs út yn fjouwer kategoryen: taalkursist, taalbegelieder, brêgebouwer en dan is der noch de publykspriis. Paul Otter wûn de priis yn de kategory brêgebouwer. Otter wurket yn it deistisch libben by in ynkassoburo.

De sjuery priizget de wize wêrop't hy mei it probleem fan (hast) net skriuwe of lêze kinne omgiet. Sa stiet yn it sjuerykommentaar: "Paul gaat als directeur social responsiblity bij een incassobureau het thema laaggeletterdheid op een indrukwekkende manier te lijf. Zo staat laaggeletterdheid mede door Paul zijn inzet op de agenda van de brede schuldenaanpak van het kabinet. Ook kwamen er brieven in begrijpelijke taal en met pictogrammen."

De TaalHeldenprijs wurdt alle jieren útrikt, dit wie de sechsde kear.

(advertinsje)
(advertinsje)