Provinsje ûntkent ûnder druk setten inisjatyfnimmers wyn- en sinneparken

03 mrt 2020 - 22:14

De provinsje is it net iens mei de konklúzje fan de Noardlike Rekkenkeamer dat it inisjatyfnimmers fan wyn- en sinneparken ûnder druk set hat om omwenners in finansjele regeling oan te bieden. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn reaksje op it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer dat moandeitejûn presintearre waard.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de rekkenkeamer hawwe Deputearre Steaten harren machtsposysje brûkt en koene inisjatyfnimmers net oars as in hantekening sette, omdat de provinsje oars gjin fergunning jaan soe. Dat mei de provinsje net ôftwinge, seit de Rekkenkeamer.

"Der hat neat 'onoirbaars' plakfûn"

Neffens deputearre Poepjes sit it oars yninoar en hat de provinsje neat ferkeards dien. "Wy as Provinsje Fryslân ha der altyd bot efteroan west dat de mienskip goed ta har rjocht komt wat sinneparken en wynparken oanbelanget. As jo je wat mear fokusje op hoe't it de ôfrûne jierren gongen is, dan hat der neat 'onoirbaars' plakfûn. It is net dat der inkeld nei jild sjoen is, en inkeld wat kompensearre is troch jild troch inisjatyfnimmers mei trochgean."

Neffens Poepjes moat de hiele kontekst besjoen wurde. "It is mar krekt mei hokker bril je der nei sjogge", seit de deputearre. Neffens har hat de provinsje altyd bot yn petear west mei de inisjatyfnimmers, en de mienskip, om te hearren wat se fan plan wiene en hoe't dy plannen útfierd wurde soene. "As dat beoardiele wurdt as 'tefolle mei bemuoid', dat fyn ik spitich, mar dat is oprjocht net sa."

Deputearre Sietske Poepjes oer it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer

(advertinsje)
(advertinsje)