Mearderheid gemeenteried Smellingerlân kiest foar sakekolleezje

03 mrt 2020 - 21:13

De mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân is foar de komst fan in sakekolleezje. Dat is in kolleezje wêrby't de wethâlders keazen wurde troch de folsleine gemeenteried op basis fan har kennis fan saken en net út namme fan harren eigen partij. It sakekolleezje wie in foarstel fan ferkenner Ton Baas, dy't ynhierd waard nei de breuk fan it kolleezje yn jannewaris. De PvdA stapte doe út de koälysje.

Op de ekstra riedsgearkomste oer de bestjoerskrisis die tiisdeitejûn úteinlik bliken dat in grutte mearderheid fan de riedsfraksjes, ynklusyf de ELP, foar it sakekolleezje is. Mei-inoar stimden 27 fan de 30 oanwêzigen foar. Allinnich trije fan de fjouwer CDA'ers stimden tsjin.

It CDA sei foarstanner te wêzen fan in mearderheidskolleezje. Sa'n kolleezje bestiet út bestjoerders dy't de stipe fan in mearderheid fan de stimmers hat. Neffens fraksjefoarsitter Karin van der Velde fan it CDA soe in sakekolleezje net demokratysk wêze. Baas spruts dat tsjin, omdat sa'n kolleezje keazen wurdt troch de gemeenteried.

Sollisitaasje nije wethâlders

De riedsfraksjes fan Smellingerlân reagearren ferline wike noch kritysk op it advys fan Baas foar in sakekolleezje. No blykt in mearderheid dus foar syn foarstel te wêzen. Der wurdt no in ekstern persoan oanlutsen dy't in kommisje gearstalle sil, sadat der in sollisitaasjeproseduere foar de nije wethâlders opset wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yntze de Vries fan de Earste Lokale Partij (ELP) en Jouke de Jong fan ChristenUnie yn Smellingerlân

(advertinsje)
(advertinsje)