Keamermoasje PvdA en SP tsjin leechfleanrûte hellet it net

03 mrt 2020 - 20:03

In moasje fan PvdA en SP tsjin de leechfleanrûte foar de JSF, ek wol bekend as de F-35, boppe Fryslân hat it tiisdei net helle yn de Twadde Keamer. In mearderheid stimde tsjin de moasje.

Foto: -

De leechfleanrûte wurdt sûnt 2002 net mear brûkt, mar Definsje makke in pear wike lyn bekend dat se de rûte mooglik toch wer brûke wolle foar de nije JSF-tastellen. De fleantugen sille dan op in hichte fan 75 meter boppe it easten fan Fryslân fleane.

Twa wiken lyn tsjinnen de keamerleden Kerstens fan de PvdA en Karabalut fan de SP in moasje yn tsjin de flechten fan de F-35 oer de leechfleanrûte. Se fine dat Definsje ôfsjen moat fan it gebrûk fan de leechfleanrûte fanwege lûdsoerlêst foar omwenners.

Better oerlis

De Keamer hat wol ynstimd mei in oare moasje, fan GroenLinks. Dêryn stiet dat Definsje better oerlizze moat mei omwenners en gemeentebestjoeren oer it gebrûk fan de leechfleanrûte. Steatssekretaris Visser hat de Twadde Keamer tasein foar juny dúdlik te meitsjen of Definsje de leechfleanrûte wer brûke sil.

(advertinsje)
(advertinsje)