Frysk taalbelied kin better by ryksútfieringsorganisaasjes

03 mrt 2020 - 19:43

Op it brûken fan de Fryske taal binnen útfieringsorganisaasjes fan it Ryk falt noch in soad winst te beheljen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat DINGtiid, orgaan foar de Fryske taal, op fersyk fan minister Ollongren fan Ynlânske Saken yn 2018 en 2019 útfierde.

Foto: Omrop Fryslân

DINGtiid spruts mei meiwurkers fan de Belestingtsjinst, de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO), it Utfieringsynstitút Wurknimmersfersekerings (UWV), de Tsjinst Utfiering Underwiis (DUO) en de Meldkeamer Noard-Nederlân. Undersocht waard oft de organisaasjes taalbelied opsteld hawwe, hoe't harren taalhâlding is en hoe't sy yn de praktyk omgean mei mûnling en skriftlik gebrûk fan de Fryske taal yn harren kontakt mei boargers.

Konklúzjes

"Gjinien hat op papier stean: 'wat dogge wy mei it Frysk'", fertelt Hedzer Klarenbeek fan DINGtiid. De konklúzje op it mêd fan it taalbelied is dat dat net skriftlik fêstlein is. "Dêrtsjinoer stiet dat de hâlding en de praktyk fan it Fryske taalgebrûk wol posityf is", seit Klarenbeek. "Binnen de organisaasjes wurdt wol Frysk sprutsen en minsken stean ek posityf tsjinoer it praten fan Frysk".

Ek yn de praktyk wurdt faak wol rekken hâlden mei Frysk sprekkende kliïnten. "As in kliïnt Frysk prate wol, sil in Hollânsktalige meiwurker sizze dat de kliïnt gewoan Frysk prate kin. De measte minsken ferstean it Frysk wol. Mocht dat net slagje dan wurdt der ek wol foarsteld om mei in oare Frysk pratende meiwurker te praten", fertelt Klarenbeek.

Hedzer Klarenbeek fan DINGtiid oer it ûndersyk

Oanbefellings

Op basis fan de befiningen docht DINGtiid yn it ûndersyk in sântal oanbefellings. Twa dêrfan binne it stimulearjen fan alle ryksútfieringsorganisaasjes dy't aktyf binne yn Fryslân of kontakt hawwe mei Fryske boargers om eksplisyt taalbelied foar it Frysk op te stellen. Dêrby kinne de organisaasje taalstipe-organisaasje belûke, lykas de Afûk.

Fierder moat der help foar ryksútfieringsorganisaasjes komme om yntinsiver yn te setten op Fryske taalbehearsking ûnder meiwurkers mei klantkontakt. Sa moatte de organisaasje oanmoedige wurde om harren meiwurkers in taalkursus Frysk folgje te litten.

Trefwurden: 
Frysk taalbelied taal Dingtiid
(advertinsje)
(advertinsje)