Fryske húsdokters taret op komst coronafirus: "Draaiboeken liggen klaar"

De Fryske húsdokters binne klear foar de komst fan it coronafirus. Dat seit foarsitter Bart Maats fan de Fryske húsdoktersferiening. "We hebben alle maatregelen gevolgd, zoals die ons geadviseerd zijn."
Coronafirus husdokters
De lêste wiken krije de húsdokters in soad fragen fan minsken oer it coronafirus. "Daarom is het ook goed dat er een publiekscampagne is waarbij mensen goede en objectieve informatie krijgen. Dat haalt natuurlijk al een heleboel onrust weg", wit Maats.
De húsdokters hawwe regelmjittich oerlis mei-inoar oer wat se dwaan moatte as it firus ek yn us provinsje komt. Sa binne der ûnder oare ofspraken makke oer wat der barre moat as in praktyk ticht moat. Ek is der geregeld oerlis mei de GGD, de sikehuzen en it RIVM. "Alle afspraken zijn gemaakt, de draaiboeken zijn klaar, al het materiaal is voorhanden", seit Maats. "En dan maar hopen dat het zo lang mogelijk niet naar hier komt."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Nettjinsteande it feit dat it coronafirus noch net yn Fryslân is, moatte oare pasjinten somtiden no wol al langer wachtsje. Maats: "De aandacht gaat nu wel heel erg veel naar corona toe en de griepepidemie. Dat is logisch. Dan kan het zijn dat mensen met problemen die wat minder urgent zijn daar langer op moeten wachten."

Miskien komt it firus hjir wol net?

De kâns dat it coronafirus hielendal net nei Fryslân komt, is neffens Maats hiel lyts. "Iedereen verwacht dat als het een griepepidemie is, het ook in Fryslân zal komen. Maar hoe langer we het kunnen uitstellen en hoe kleiner we de piek kunnen houden, hoe minder belasting voor het gezondheidssysteem. En dat is waar we met zijn allen mee bezig zijn."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by de praktyk fan Maats op De Gordyk