Provinsje presintearret plan fan oanpak oer stikstofproblemen yn Fryslân

03 mrt 2020 - 19:11

De provinsje hat in plan fan oanpak presintearre oer de oanpak fan de stikstofproblemen yn Fryslân. Ferantwurdlik deputearre Klaas Fokkinga wol mei fertsjintwurdigers fan de lânbou, ferkear en skipfeart, bou en yndustry om tafel foar in sa effektyf mooglike oanpak.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De stikstofproblematyk is urgint yn Fryslân. It spilet yn alve fan de tweintich Natura 2000-gebieten. It nei ûnderen bringen fan de maksimale snelheid op provinsjale diken en it opkeapjen fan boerebedriuwen binne maatregels dy't ûndersocht wurde om de stikstof omleech te krijen. "It is in yntegrale oanpak", seit Fokkinga. "Mei it lânbouferhaal, mei de feangreiden, mei it klimaat." De bedoeling is ek om ideeën fan boargers dêryn mei te nimmen.

Fokkinga tinkt dat der foar Fryslân wol 250 miljoen euro nedich is foar de oanpak fan stikstofreduksje. Der sil yn elts gefal jild fan it Ryk by moatte. Minister Schouten fan Lânbou hat yn in brief fan 7 febrewaris oanjûn dat der foar hiel Nederlân 350 miljoen euro beskikber is foar it opkeapjen fan boerepleatsen, 172 miljoen euro foar in stimulearringsfûns foar ynnovaasje en 250 miljoen euro foar natuerwerstelmaatregels.

Ferslachjouwer Andries Bakker prate mei deputearre Fokkinga oer it stikstofplan

(advertinsje)
(advertinsje)