Nij betelsysteem foar parkeargaraazje op It Hearrenfean

03 mrt 2020 - 16:58

De parkeargaraazje oan it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean is dizze wike ticht, want it krijt in upgrade. De garaazje is 13 jier âld en net mear hielendal fan dizze tiid. De technyske apparatuer is ferâldere en moat fernijd wurde.

Parkeargaraazje op It Hearrenfean wurdt fernijd - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De garaazje is yn 2007 boud. Dan soene je sizze dat it noch net sa âld is. Projektlieder Willem de Haan erkent dit: "Het is zeker niet heel oud en hij kan nog prima 40 jaar mee, maar de techniek moet wel regelmatig vernieuwd worden." De kaartlêzer wie de lêste tiid bûten bedriuw en by mar ien automaat koe der mei in bankpas betelle wurde. As de garaazje aanst oanpast is, kinne klanten ek by de útgong betelje by it útriden.

Feiligens ferbetterje

"We willen de veiligheid ook verbeteren, door de kaartlezers ook goed te laten koppelen met de loopdeuren. Zodat alleen mensen die hier wat te zoeken hebben, die hun auto hier hebben geparkeerd, er in en uit kunnen en dat er geen andere mensen in en uit kunnen."

Eartiids kamen der wol minsken yn de garaazje dy't der neat te sykjen hiene. Der ha doe ek wat fernielings en brantsjes west. Om dat oan te pakken wurdt de garaazje maksimaal ôfsletten. Allinnich minsken mei in abonnemintspaske of kaartsje kinne yn en út de garaazje.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei projektlieder Willem de Haan

Wetterticht meitsje

It is in grut projekt dat yn ien wike tiid klear wêze moat. Der binne in soad bedriuwen en oannimmers by belutsen om alles op tiid klear te meitsjen. Sa moatte der kabels lutsen wurde foar de automaten en wurdt it beton oanpast sadat it ek drûch bliuwt yn de garaazje.

"Der komt in buffer yn de kanaalplaatflieren te lizzen. De kanaalplaatflieren binne hol, dêr hawwe se in pear betonplaten oerhinne dien. Dêr giet it wetter yn, it is in soarte wetterreservoir", leit Tjibbe Oosterhof, oannimmer beton, út.

Johanna Brinkman yn petear mei Tjibbe Oosterhof, oannimmer beton

It hat sa'n 9 moannen duorre om de oanpassing yn te plannen. Mar oant dy tiid wie it wol feilich om de auto dêr te parkearjen, fersekeret De Haan. "Iedereen heeft hier altijd veilig kunnen parkeren en ik heb ook geen meldingen gehad van schade aan auto's."

Oant moandei kinne abonnemintshâlders rûnom de garaazje parkearje. Oare besikers kinne op ferskate plakken yn it sintrum fan de stêd parkearje of fergees by bygelyks it terrein by de McDonald's of it fuotbalstadion.

Takom moandei giet de fernijde parkeargaraazje wer iepen en kinne der yn elts gefal 320 auto's parkeard stean.

(advertinsje)
(advertinsje)