Wannear wurdt it earste ljipaai fan Fryslân fûn?

03 mrt 2020 - 16:31

It earste ljipaai fan Fryslân is noch net fûn, mar Inge van der Zee fan it Fryske fûgelwachtbûn BFVW stiet al op skerp wannear it earste aai ek yn Fryslân fûn wurdt. Dat hat alles te krijen mei de temperatueren yn Fryslân.

Ljipaaien - Foto: Shutterstock.com

"Us rekkenformule hie it al op 20 febrewaris betocht, mar dat fûnen wy wol wat betiid", fertelt Van der Zee. "Wy misten yn febrewaris wol echt wat maitiidsdagen, dan hie it wat earder los gien."

Alve dagen nei foaren

It aaisykjen hat noch alles te krijen mei de temperatueren dy't der yn it lân binne. Ljippen hâlde wol fan in dizige dei, mei it sintsje derby. "Wy sjogge wol dat de klimaatferoaring wat docht. Yn 1950 waard it earste aai gemiddeld op 20 maart fûn, mar no leit dat al op 9 maart. Dus we binne al alve dagen nei foaren", leit Van der Zee út.

It aaisykjen is troch de jierren wol wat feroare, de regels binne wat oanskerpe. "It is noch hieltyd wol populêr, mar we meie de aaien fansels net mear meinimme. We meie allinnich noch by de alderearste foar de provinsje en de gemeente it frije fjild yn. Mar dêrnei gean de minsken de neisoarch yn, it beskermjen en it monitoaren fan de nêsten. Dêr ha we altyd noch in pear tûzen man foar omrinnen."

Inge van der Zee oer it sykjen fan ljipaaien yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)