Frysk bedriuw leveret fideoskermen oan Eurovisie Songfestival

03 mrt 2020 - 15:41

De organisaasje fan it Eurovisie Songfestival hat it Fryske bedriuw Faber Audiovisuals út Sint-Anne ynhierd as fideopartner. Faber leveret alle LED screens, fideo-projeksjes, media-servers, tv-sirkwys en de fideo-crew foar it Songfestival.

Faber Audiovisuals Eurovisie Songfestival - Foto: Faber Audiovisuals

It bedriuw besjocht ek wat de winsken fan alle dielnimmende lannen binne as it giet om fideoproduksje. Faber is spesjalisearre yn grutte produksjes op it mêd fan audiofisuele technyk. It bedriuw wurket oeral op de wrâld.

It bedriuw hat de put krigen fia in Europeeske oanbesteging. "We hebben er vol op ingezet en vonden ook dat we dat moesten doen omdat het in eigen land is. Het is één van de grootste evenementen die je jaarlijks kunt binnenhalen, dus dat is een mooi succes", seit direkteur Cees Jan Faber.

Alles byinoar sil it bedriuw likernôch mei 45 oant 50 minsken seis wiken dwaande wêzen mei it festival.

180 miljoen sjoggers

It Songfestival wurdt holden yn Ahoy Rotterdam. De heale finales binne op tiisdei 12 en tongersdei 14 maaie, en de finale op sneon 16 maaie. Oer de hiele wrâld sjogge der likernôch 180 miljoen minsken nei it ferskesfestival, mar dat bringt neffens Faber gjin ekstra drok mei foar it bedriuw. "Daar moet je niet te veel bij nadenken. Het is natuurlijk live, het blijft techniek en het blijven mensen, dus er kunnen fouten gemaakt worden. Maar daar gaan we niet vanuit", seit Faber.

De direkteur moat him noch wol in bytsje ynlêze yn it Songfestival. "Ik zou niet eens weten wie de Nederlandse deelname is. Ik heb liever André Hazes", laket Faber.

(advertinsje)
(advertinsje)