Himpkwekerij yn Ljouwerter wenhûs oprôle

03 mrt 2020 - 15:33

Yn in wenhûs oan de Reijndersbuert yn Ljouwert hat de plysje moandeitemiddei in himpkwekerij oprôle. Yn fjouwer keamers yn it hûs waard himp kweekt. De plysje fûn der 245 planten en der stiene 185 potten klear foar gebrûk.

Foto: Pixabay

De himp en alle apparatuer is yn beslach naam en ferneatige. De elektrisiteit waard yllegaal ôftape en it hûs is dêrom fan de stroom ôfsletten.

De plysje hat in fertochte yn byld, mar dy moat noch heard wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert himpkwekerij wenhûs
(advertinsje)
(advertinsje)