Boalserter waskerij pleatst frachtwein yn karantêne: "Dit zal nog vaker gebeuren"

Waskerij Rentex Floron út Boalsert hat in frachtwein mei waskguod fan it Maasstadsikehûs yn Rotterdam 24 oeren yn karantêne hân. Dat barde neidat bekend wurden wie dat der yn dat sikehûs in pasjint opnaam wie mei ferskynsels fan it coronafirus. It waskguod is yntusken ferwurke. "Alles is inmiddels gewassen", seit direkteur Titus Mulder.
It gebou fan Rentex Floron yn Boalsert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De waskerij docht de wask foar folle mear medyske ynstellingen en hâldt dêrby op it heden goed rekken mei it coronafirus. "We vragen onze relaties om in ieder geval het textiel dat in contact is geweest met patiënten apart te houden en te verpakken in plastic zakken. In dit geval houden ziekenhuizen dat 24 uur vast alvorens ze het naar de wasserij sturen. Als het dan hier komt wassen we het met gesloten zakken een keertje voor, waardoor we zeker zijn dat eventuele virussen gedood zijn", seit Mulder.
By de wask út it Rotterdamske sikehûs wiene dy maatregels net naam. "In dit specifieke geval wist het ziekenhuis niet dat zij een patiënt hadden", leit Mulder út. En dus koe de waskerij net oars dan de frachtwein yn karantêne te pleatsen.

Sjauffeur net skrokken

De sjauffeur fan de frachtwein is neffens Mulder net skrokken fan syn bysûndere bagaazje. "Hij heeft gewoon de goede keuze genomen. Hij heeft direct met de planning gebeld en wij hebben daarop besloten de vrachtwagen aan de kant te zetten", seit Mulder.
It sil nei alle gedachten net de lêste kear wêze dat Rentex Floron in frachtwein yn karantêne pleatse moat. "Wij houden er rekening mee dat dit bij meer van onze relaties zal gebeuren", sa seit Mulder.
Direkteur Titus Mulder fan Rentex Floron