SC Hearrenfean tsjin koprinner Ajax is 'Wedstriid fan de Wike'

03 mrt 2020 - 14:55

De oerwinning op FC Twente fan ôfrûne wykein wie tige wolkom foar SC Hearrenfean. En dus giet de ploech fan trainer Johnny Jansen oankommende sneon mei fertrouwen nei de wedstriid tsjin koprinner Ajax. Dy ploech hat de lêste tiid in wat mindere faze. It duel yn it Abe Lenstra Stadion is de 'Wedstriid fan de Wike'.

It duel mei Ajax wurdt spile yn in útferkocht Abe Lenstra Stadion. De Feansters kinne wol oan de bak, Ajax docht it goed en stiet boppe-oan. "Mar de lêste wiken lit Ajax regelmjittich wat lizze", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Sterker noch: fan de lêste njoggen kompetysjewedstriden hat Ajax der fiif ferlern. Dus der falt wat te heljen foar de ploech fan Jansen."

De wedstriid begjint sneon om 20.45 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio. Yn de oanrin nei dat duel sjogge we der op foarút yn in reportaazje mei spiler Chidera Ejuke.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)