De merk is sletten: 37.000 euro bean foar poddestuollen op Skylge

03 mrt 2020 - 14:08

It bieden op de poddestuollen fan VVV Skylge dy't te keap stiene, is sletten. Der is sa'n 37.000 euro ophelle foar it útsjochpunt foar bline minsken en minsken dy't net goed sjen kinne, dat op Kaapsdún komme moat.

De nije poddestoel - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene 37 poddestuollen te keap. Dat komt del op 1.000 euro per poddestoel, wat der ophelle is. It heechste bod wat der foar in poddestoel binnen kaam, wie 3.000 euro. Poddestoel 27, mei Strand, Lies, Hoorn en Formerum, hat 3.000 euro opsmiten.

Earder út de ferkeap

Mar net alle poddestuollen wiene oant tiisdeitemiddei 12:00 oere yn de ferkeap. In pear binne der earder úthelle. "Er waren sowieso heel veel dubbele biedingen, dus mensen die op meerdere tegelijk boden", leit Michel Aaldering, direkteur fan VVV Skylge út. "Dus we hebben gezegd: we gaan een aantal alvast eerder uit de verkoop halen. En dat heeft ook geholpen want daardoor zijn er ook weer een aantal beschikbaar gekomen, dat mensen toch weer hun bod hebben ingetrokken."

It útsjochpunt foar bline minsken en minsken dy't net goed sjen kinne komt no aardich tichtby. "We komen een heel eind. Er zal nog wel een klein beetje subsidie bij moeten komen, maar dan gaan we het wel realiseren", fertelt Aaldering.

Aaldering is wol bliid dat der sa'n soad jild ophelle is. "Het is heel goed om te zien dat mensen echt heel veel met het eiland hebben, dat ze echt van het eiland houden en dat ze dat op deze manier laten zien."

Michel Aaldering oer de ferkeap fan de poddestuollen op Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)