Kalasjnikovs en oare swiere wapens fûn by ynfallen ûndersyk-Easterwâlde

03 mrt 2020 - 14:00

By de grutte aksje fan de plysje en it Iepenbier Ministearje ferline wike, is in grut arsenaal oan wapens bútmakke. By de ynfallen op santjin lokaasjes binne ûnder mear Kalasjnikov-gewearen, oare hânwapens en kapmessen oantroffen. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandeitemiddei bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Parse-offisier Jolande Brontsema oer de wapenfynst en it plysje-ûndersyk

Neist de wapens is ek in soad swiere munysje oantroffen. Ek swiere eksplosiven, honkbalkneppels en syntetyske drugs waarden yn beslach nommen. It NFI, it Nederlands Forensisch Instituut, docht ûndersyk nei de wapens en de oare oantroffen saken.

Definsje wie ein ferline wike mei in spesjale sykploech oanwêzich by de ynfallen. Op in soad ferburgen plakken waarden wapens fûn dy't sa brûkt wurde koene. Ek wie in soad munysje oanwêzich.

Trije Friezen oanhâlden

By de ynfallen waarden trije Friezen oanhâlden. It giet om twa manlju út Ljouwert fan 34 en 31 jier, en in man (34) út Easterwâlde. De fertochten binne moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris en bliuwe foarearst fêst sitten. De fertochten sitte yn beheining.

(advertinsje)
(advertinsje)