Soad belangstelling foar Allingawier nei útstjoering Boer Zoekt Vrouw

03 mrt 2020 - 13:10

Hast 2,6 miljoen minsken seagen ôfrûne snein nei it programma Boer Zoekt Vrouw op de KRO-NCRV. It wie in spesjale ôflevering foar Fryslân, want de bylden wiene opnommen yn it terpdoarp Allingawier, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Grietje Hoekstra fan VVV Waterland siet sels ek op 'e bank, sa sei se tiisdeitemoarn yn it radioprogramma Muzyk yn bedriuw.

Foto: Het Friese Museumdorp

"De makkers hiene kontakt opnommen mei it museumdoarp en seine: wy wolle graach twa dagen besit nimme fan jimme museum", fertelt Grietje Hoekstra. "Se woene graach delkomme, want se wiene tige entûsjast." Hoekstra is sels ek entûsjast, se fynt it fantastysk en in moaie promoasje foar de regio.

De earste reaksjes binne ek al binnen. "Wy hawwe al boekingen krigen, fan famyljereünys, bedriuwsútstapkes en brulloften yn 2021. Wy seagen ek wol in pyk yn it tal besikers fan de webside. Dat tal is tanommen mei hast 34 prosint."

"Typysk Frysk"

Hoekstra fûn sels de bylden dy't út de loft wei makke wiene it moaist. "Ik fûn se prachtich. Dat binne foar my echt typyske Fryske bylden, dy't elkenien ek enoarm grutsk makket op dit gebiet."

Grietje Hoekstra oer Boer Zoekt Vrouw fan sneintejûn

(advertinsje)
(advertinsje)