Noed oer súdlike farrûte boppe Waadeilannen wurdt breed dield

Der binne bestjoerlik breed soargen útsprutsen oer it gebrûk fan de súdlike skipfeartrûte boppe de Waadeilannen by stoarmwaar. Dat docht bliken út de lêste stân fan saken dy't yn in update ferspraat is troch de Coördinatie Rampenbestrijding Waddenzee (CRW).
In kontenerskip op de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Benammen fan de Waadeilannen út wurdt al folle langer sein dat der gjin grutte kontenerskippen troch de relatyf ûndjippe rûte moatte. En ek de Twadde Keamer hat dêr om frege.
De Kustwacht is earder op oantrúnjen fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid begûn mei it warskôgjen fan skippen langer as 300 meter en breder as 40 meter om net oer de súdlike rûte te farren as de weagen fiif meter of heger binne. Dat jildt allinnich foar skippen dy't fan it westen út de rûte opfarre; fan de oare kant út is it oan de kustwacht fan Dútslân en dy wachtet de ûndersiken oer de tadracht ôf.

Dútslân moat ek warskôgje

It saneamde Bestuurlijk Waddenzee Overleg+ (BWO+) lit no witte it winsklik te finen dat de Dútsers itselde dogge as de kustwacht yn Nederlân. Want ek fanút dit bestjoerlik oerlis is der noed oer de rûte. Dit BWO+ hat de regy oer de fierdere ôfhanneling fan it ûngelok mei de MSC Zoe en bestiet út de direkteuren fan de Feiligensregio's Fryslân, Grinslân, en Noard-Hollân Noard, Rykswettersteat, de Kustwacht en trije boargemasters dy't de trije provinsjes fertsjinwurdigje.
Ek de wetterskippen binne fertsjintwurdige yn dit oerlis, de natuerbehearders en in Fryske boargemaster fan de fêste wâl. En dat betsjut dat der no in brede, bestjoerlike koälysje is dy't de súdlike farrûte feiliger meitsje wol.