SC Hearrenfean hat by duel mei Ajax nei fiif jier wer útferkocht stadion

SC Hearrenfean spilet sneontejûn yn in fol stadion tsjin de regearjend lânskampioen Ajax. Alle kaartsjes foar de thúswedstriid binne útferkocht. De lêste kear dat it Abe Lenstra stadion by in wedstriid fan de Fryske earedifyzjonist folslein útferkocht wie, is hast fiif jier lyn. Ek doe wie Ajax de tsjinstanner.
© www.orange-pictures.nl
De lêste oerwinning fan Hearrenfean yn it eigen stadion tsjin de Amsterdammers wie yn 2008. Troch ûnder oaren twa doelpunten fan Danijel Pranjic wûn SC Hearrenfean doe mei 5-2.
Op 12 juny 2018 hat it Abe Lenstra stadion ek noch in kear útferkocht west. Doe spile de Nederlânske fuotbalfroulju mei ûnder mear Sherida Spitse fan Snits in WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Slowakije.