Plysje: gjin oanwizingen foar brânstichting yn Aldeberkeap

De brân yn Aldeberkeap fan moandeitejûn is nei alle gedachten net oanstutsen. De plysje hat gjin oanwizingen foar brânstichting en docht dêrom fierder gjin ûndersyk nei de oarsaak. Se geane út fan in technyske oarsaak. De brân is bûten begûn en dêrnei oerslein nei de auto's en it garaazjebedriuw.
© Kappers Media
By de brân yn it garaazjebedriuw is skea ûntstien yn it wurkplak en oan trettjin auto's. By de brân binne gjin ferwûnen fallen. Om de brân yn it wurkplak bestride te kinnen, moast de brânwacht it dak iepenbrekke.
Achter it wurkplak stiene fetten mei oalje dy't ek brânden. De brânwacht hat derfoar soarge dat it fjoer net dêrwei oersloech nei in loads en it wenhûs.
Bylden fan de brân yn Aldeberkeap:
Utslaande brân by garaazjebedriuw yn Aldeberkeap