David Hoekstra opfolger fan riedslid Boxman by LIJST058
David Hoekstra fan Ljouwert komt foar LIJST058 yn de Ljouwerter gemeenteried. Hy folget Selo Boxman op, dy't har funksje en sit yn de ried op 1 maart dellein hat.
Hoekstra is 46 jier en wurket yn de bouwrâld. Ek is hy vice-foarsitter fan de Ljouwerter fuotbalklup LAC Frisia.
De partij LIJST058 hat twa sitten yn de Ljouwerter gemeenteried.