Snitser rydt sûnder rydbewiis en mei drugs op 41 kilometer yn 'e oere te hurd

De plysje hat moandei in 33-jierrige Snitser bekeurd dy't ûnder ynfloed fan drugs efter it stjoer siet, net in rydbewiis hie en mar leafst 41 kilometer yn 'e oere te hurd ried. De man waard oanholden op de Overijsselselaan omdat er fierstente hurd ried. Doe die bliken dat de man ek net in rydbewiis hie.
© Plysje
De man is meinommen nei it buro. Dêr die út in bloedproef bliken dat er THC en kokaïne brûkt hie. Hy krige in rydferbod fan 24 oeren oplein en trije bekeuringen.