Drachtster fertocht fan poging ta deaslach fan plysje, moat tongersdei foarkomme

03 mrt 2020 - 09:59

De 52-jierige man dy't sneintejûn yn Drachten ferwûne rekke by in sjitynsidint mei de plysje, moat tongersdei foarkomme by de rjochter-kommissaris. Hy wurdt derfan fertocht dat er in plysjeman yn 'e rêch stutsen hat. De man is oppakt op fertinking fan poging ta deaslach.

Bylden fan nei it ynsidint yn Drachten:

De plysje wie nei it hûs fan de man kaam, nei't se fan de frou in melding krigen oer húslik geweld. Nei in koart petear waard ien fan de twa plysjemannen mei in mes oanfallen troch de man. Dêrnei skeat de oare plysjeman de Drachtster del. Dy rekke dêrby swier ferwûne.

De fertochte is moandei út it sikehûs ûntslein. Direkt dêrnei is er oppakt op fertinking fan poging ta deaslach. Ek wurdt er fertocht fan húslik geweld.

De ryksresjerzje docht noch ûndersyk nei it sjitten troch de plysjeman.

Paul Heidanus fan de plysje Noard-Nederlân oer it ynsidint:

Trefwurden: 
plysje Drachten sjitynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)