Fak mei fanatike FC Groningen-fans mooglik leech tsjin SC Hearrenfean

03 mrt 2020 - 09:45

FC Groningen moat it fak mei de fanatike supporters mooglik leech hâlde by it earstfolgjende duel tsjin SC Hearrenfean op 10 april. Dat meldt RTV Noord. Ek kriget de klup in boete fan 17.500 euro.

De supporters fan FC Grins - Foto: www.orange-pictures.nl

De earedifyzjonist hat it skikkingsfoarstel ûntfongen fan de oankleier betelle fuotbal nei oanlieding fan ûngeregeldheden by de thúswedstriid tsjin Ajax yn jannewaris. Der waard ûnder mear in reekbom op it fjild smiten, wêrnei't skiedsrjochter Jeroen Manschot it spul stil lei.

De klup nimt it skikkingsfoarstel yn beried en lit kommende moandei witte oan de oankleier oft se it foarstel akseptearje.

(advertinsje)
(advertinsje)