Ira Judkovskaja nimt ôfskied fan Tryater mei foarstelling op jiskebult

03 mrt 2020 - 07:00

Artistyk lieder en regisseur Ira Judkovskaja fan Tryater har lêste grutte stik spilet him ôf op de grins fan stêd en plattelân. It skoutoaniel fan '1000&1 nacht' is in jiskebult oan de râne fan Ljouwert. Judkovskaja nimt nei tolve-en-heal jier ôfskied as artistyk lieder fan Tryater.

Troch Simone Scheffer

Op de jiskebult stiet ek it gebou fan Ekwadraat. Oan de iene kant is de stêd Ljouwert te sjen en oan de oare kant de tsjerketuorren fan doarpen en greiden. It perspektyf is ferskillend. Dêr't we Fryslân hast altyd út in leech perspektyf wei besjogge, sjogge wy him hjir fanút de hichte. Dat is wat de lokaasje neffens Ira Judkovskaja sa bysûnder makket. En de ûndergeande sinne is hjir prachtich, fynt se.

Oade oan teäter

'1000&1 nacht' is neffens de skiedend artistyk direkteur in oade oan it teäter. Yn it stik wurde trije ferhalen yn ferskate stilen spile. Judkovskaja hat lang neitocht oer wat se as ôfskiedsstik dwaan woe. Dat it ek echt har lêste wurk foar Tryater is, skoot se yn 'e holle oan kant. Foar har is it 'gewoan' in nij stik dat folget op de oare produksjes dy't se dien hat, sa fertelt se op de jiskebult.

'100&1 nacht' is te sjen fan 13 maaie oant en mei 6 juny.

Op de jiskebult foar '100&1 nacht'

(advertinsje)
(advertinsje)