Noed oer lûdsoerlêst fanwege mooglik transformatorstasjon by Burgum

03 mrt 2020 - 06:30

Der binne grutte soargen oer de mooglike komst fan in transformatorstasjon by Burgum. It ministearje fan Ekonomyske Saken tinkt deroer om dêr in kabelferbining tusken it nije wynpark boppe de Waadeilannen en it lanlike elektrisiteitsnet te meitsjen. Omwenners binne benaud foar it lûd dat sa'n sintrale produsearje sil.

Noed oer lûdsoerlêst fanwege mooglik transformatorstasjon by Burgum

Se ferwachtsje in lege bromtoan dy't dei yn en dei út te hearren én te fielen wêze sil. It aksjekomitee Noardermar hat mei seis man op útnûging by in fergelykbere sintrale yn Eemshaven west. Se binne bot skrokken fan it lûd dat se dêr ûnderfûn ha.

"We hebben dat beluisterd. Als je er gewoon omheen rijdt, neem je het niet waar", fertelt Gertjan van Norden fan it aksjekomitee. "Totdat je aan de andere kant komt, en hoe de wind stond, daar zijn we enorm van geschrokken. Laten we daar heel helder in zijn, dat was erger dan we verwacht hadden."

"Fergelykber mei helikopter"

Klaas de Haan fan it aksjekomitee omskriuwt it sa: "Kinst it fergelykje mei in helikopter dy't yn de fierte oanfleanen komt. Kinst it fergelykje mei festivals op de Grutte Wielen, dêr't ek in soad protest op is. Dan giet it mar om 24 oeren. En hjir is it 24 oeren, elke dei wer."

De minister fan Ekonomyske Saken nimt yn oktober in beslút hoe't de kabelferbining rinne sil en wêr't it transformatorstasjon komme sil. Der binne trije opsjes: Burgum, Vierverlaten by Grins en Eemshaven by Delfzijl.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei Gertjan van Norden en Klaas de Haan fan aksjekomitee Noardermar

(Advertinsje)
(Advertinsje)