Rekkenkeamer: Provinsje set inisjatyfnimmers wyn- en sinneparken ûnder druk

Inisjatyfnimmers fan wyn- en sinneparken binne ûnder druk set troch it provinsjebestjoer om omwenners in finansjele regeling oan te bieden. De provinsje hat dêr hielendal net it foech ta. Dat konkludearret de Noardlike Rekkenkeamer yn in ûndersyk.
© Omrop Fryslân
De provinsje mei gjin kompensaasje foar omwenners ôftwinge en ek net dat boargers harren ynkeapje yn in wynpark, neffens de rekkenkeamer.

Provinsje is it net iens mei konklúzje

De provinsje hat meiwurke oan de komst fan twa wynparken mei as betingst dat der foar de omjouwing jild beskikber komme soe. Dêrby hat de provinsje it romtlike-oardeningrjocht brûkt om jild te krijen foar de omwenners. De provinsje is it net iens mei de konklúzje fan de rekkenkeamer en fynt net dat inisjatyfnimmers ûnder druk set binne.

"Machtsposysje brûkt"

De Noardlike Rekkenkeamer hat yn it ûndersyksrapport as foarbyld it wynpark Nij Hiddum-Houw neier taljochte. Neffens de rekkenkeamer hawwe Deputearre Steaten harren machtsposysje brûkt en koene inisjatyfnimmers net oars as in hantekening sette omdat de provinsje oars gjin fergunning jaan soe.

Denemarken

Foar in grut sinnepark by Appelskea hawwe omwenners gjin finansjele fergoeding krigen. Yn Nederlân is gjin wet om kompensaasje foar sinne- en wynparken te regeljen. Yn Denemarken is dat wol it gefal en dat jout foar alle belutsenen in soad dúdlikens.
Jan van der Bij, Noardlike Rekkenkeamer
Yn Fryslân moat de kommende jierren 400 megawatt oan wynenerzjy en 100 megawatt oan sinneparken oanlein wurde. De Noardlike rekkenkeamer hat ûndersocht hoe't de ferdieling fan de kosten en de opbringsten fan it wynpark Nij Hiddum-Houw en de sinneparken yn Appelskea en Garyp regele binne.