Sportcast: Sandor van der Heide: "Kampioen? Als we maar promoveren"

02 mrt 2020 - 19:59

It gie allegear net hiel maklik, mar Cambuur is nei de oerwinning op Jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast yn de podcast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en Jong Ajax, dat zal me worst wezen. Als we maar promoveren."

Cambuur pakte freed trije punten troch mei 4-2 te winnen fan Jong-PSV, ûnder ekstreem kâlde omstannichheden. "Het was zelfs zo koud dat doelman Sonny Stevens gelijk na afloop met kleren en al onder de douche stapte", seit Van der Heide. De fêste assistint-trainer fan Henk de Jong makke fierder yn de sportcast bekend dat er him yn novimber ynskriuwe sil foar 'coach betelle fuotbal'.

SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen hat einliks in basisplak ynromme foar Alen Halilovic. SC Hearrenfean wûn mei 3-2 fan FC Twente en de Kroatyske middenfjilder stie by twa fan de trije doelpunten oan de basis. "Halilovic spile in prima wedstriid, mar dizze opstelling giet wol ten koste van Ejuke. Dy komt yn de punt fan de oanfal minder ta syn rjocht", seit Arjen de Boer.

Het was zo koud dat Sonny Stevens na afloop met kleren en al onder de douche stapte.

Sandor van der Heide

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Dizze ôflevering prate Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân, ûnder lieding fan Andries Bakker en spesjale gast is Sandor van der Heide.

(advertinsje)
(advertinsje)