Utslaande brân by garaazjebedriuw Aldeberkeap ûnder kontrôle

02 mrt 2020 - 19:46

By in garaazjebedriuw oan de Oosterwoldseweg yn Aldeberkeap hat moandeitejûn in útslaande brân west. Dêrby is skea ûntstien yn it wurkplak en oan trettjin auto's. By de brân binne gjin ferwûnen fallen.

Meardere korpsen wiene oanwêzich om it fjoer te bestriden. Om sawat healwei tsienen wie de brân ûnder kontrôle. Om de brân yn it wurkplak bestride te kinnen, moast de brânwacht it dak iepenbrekke.

Achter it wurkplak stiene fetten mei oalje dy't ek yn baarnden. De brânwacht hat derfoar soarge dat it fjoer net dêrwei oersloech nei in loads en it wenhûs.

(advertinsje)
(advertinsje)