FIDEO: Flyers Nederlânsk kampioen yn tige spannende finale

02 mrt 2020 - 18:38

De UNIS Flyers binne foar de tsiende kear yn de kluphistoarje kampioen fan Nederlân wurden. De iishockeyers fan It Hearrenfean wûnen nei in tige spannende finale fan HIJS Den Haag mei 4-2. Nei twa perioades stienen de Hagenezen noch mei 2-1 foar, mar yn de tredde perioade skoarden de Friezen trije kear en pakten sa de nasjonale titel fan 2020.

De gearfetting fan de finale:

Nei de bekerwinst hawwe de UNIS Flyers no de twadde haadpriis fan 2020 te pakken. De ûntlading wie dan ek grut by de seleksje fan trainer-coach Mike Nason. Wy setten de feestlike bylden en reaksjes op rige.

Sfearbylden en reaksjes fan de kampioenen:

(advertinsje)
(advertinsje)