Achtkarspelen is net tsjin leechfleanrûte: "Steaten hawwe al advys jûn"

02 mrt 2020 - 18:28

Mei alve stimmen tsjin en tsien stimmen foar is de gemeente Achtkarspelen de iennige oerheid yn Fryslân dy't him net útsprekt tsjin de mooglike leechfleanrûte fan F35's. Dizze simmer praat it Ryk oer it mooglik weriepenjen fan de leechfleanrûte oer eastlik Fryslân, dy't sûnt 2003 net mear brûkt waard.

In weriepening soe betsjutte dat F35's op 75 meter hichte oerfleane kinne. De PvdA yn Achtkarspelen, dy't de moasje tegearre mei de FNP yntsjinne, baalt dêrfan. Fraksjefoarsitter Theun Nicolai: "Hjirmei docht Achtkarspelen himsels wer eare oan as gemeente dy't 'oars as oars' is. Dat wurdt faak posityf útlein, yn dit gefal is dat bysûnder negatyf."

Ien fan de partijen dy't tsjin stimde, is Gemeentebelangen Achtkarspelen (GBA). Ien fan de redenen dêrfoar is neffens fraksjefoarsitter Sierd Vegelin dat it om symboalpolityk giet. "Dit is bühnewurk. De Steaten hawwe foarige wike al in advys jûn rjochting de Twadde Keamer. Ek sei de steatssekretaris dat der foar 1 juny noch gjin dúdlikheid oer is, dus it is no earst ôfwachtsjen".

Wol jout Vegelin ta dat se harren kar better taljochtsje moatten hiene: "Swart-wyt sjoen stiet der no yndie dat de gemeente Achtkarspelen tsjin de moasje is. We hiene in stimferklearring ôfjaan moatten. Dat binne we fergetten. Wy binne echt net spesifyk foar in leechfleanrûte." Vegelin jout oan dat de nasjonale feiligens ek wichtich is foar syn partij.

Opfallend wie de stimming by it CDA. By dy partij stimden trije riedsleden foar en trije tsjin de moasje. Meindert Talma stimde foar, mar nimt it de tsjinstimmers net kwea-ôf: "It is in wichtich punt foar de ynwenners fan Achtkarspelen, mar elk hat syn eigen plicht om te stimmen wêr't er foar stiet."

Talma is net benaud dat der dêrtoch te min stipe is foar de moasje, ek om't dy al oannaam is troch de provinsje Fryslân en Eaststellingwerf: "It is ek mear in sein nei de hegere oerheden dat we dy leechfleanrûte hjir net ha wolle. Ik sit der dus net oer yn dat der net genôch animo is yn de polityk om dy leechfleanrûte hjir net wer te krijen."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)