Ferbân tusken grutte brân Easterwâlde en ynfallen kriminele briedplakken?

02 mrt 2020 - 17:33

De plysje docht ûndersyk nei in mooglik ferbân tusken de grutte brân yn Easterwâlde en de ynfal yn de winkel yn twaddehâns guod yn datselde plak. De brân soarge foar in miljoeneskea. Der is mooglik in ferbân mei de plysje-ynfallen yn kriminele briedplakken yn Noard-Nederlân. De hierder fan de kringloop is oppakt en sit noch altyd fêst.

Yn de nacht fan sneon op snein baarnde it grutte bedriuwsgebou oan de Zoltstede oant de grûn ta ôf. Yn it gebou sieten ûnder oare in houtbewurkingsbedriuw en in merke-eksploitant. In wurdfierder fan de plysje begrypt dat it ferbân tusken de twa ynsidinten lein wurdt, mar seit dat it noch net wis is. De plysje die moandei op it plak fan de brân wiidweidich spoare-ûndersyk.

Tsjûgen sizze dat se by de brân grutte doarren fan de loads iepenstean sjoen hiene. De technyske resjerzje docht mei sân persoanen en in plysjehûn ûndersyk nei de brân.

Ynwenners fan Easterwâlde fertrouwe it net, seit ferslachjouwer Onno Falkena fan Omrop Fryslân. "Dit spul hat luzen", sizze se. "De ynwenners reagearren rêstich op de brân. De wyn stie relatyf geunstich, oars hiene mear minsken evakuearre wurde moatten. It plysje-ûndersyk begjint no pas op gong te kommen. De plysje hat meunsters nommen dy't analysearre wurde moatte. Fierders binne der ek noch opnames fan bewakingskamera's dy't besjoen wurde moatte."

Plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer oer it ûndersyk:

Gooitzen de Haan is eigener fan it gebou fan de kringloopwinkel. Oant en mei jannewaris wurke hy noch mei yn de winkel. De Haan: "Ik haw it yn jannewaris ferhierd oan Van der H. en Jan B. út Hoogeveen. Van der H. hie my der al ris om frege. Hy woe it wol hiere. Nei lang oantrunen bin ik ein novimber omgean."

De Haan woe gjin lange hierkontrakten. Earst woe er sjen hoe't it allegear rûn. "Foar my wie it in mooglikheid my op myn oare saken te rjochtsjen. Ik hannelje yn auto's en sit yn Spanje mei caravans. Dat ik de saak ferhiere koe joech my de mooglikheid my dêrop te rjochtsjen."

Strafblêd

Dat Van der H. in man is mei in strafblêd hat De Haan der net fan wjerhâlden him it te ferhieren: "Nee, eltsenien fertsjinnet in kâns. Ik haw sels ek de plysje wolris oer de flier hân. Tochten se dat ik yn de kringloopwinkel in himpplantaaazje hie. Ik ried in Porsche en dan begjinne minsken al gau te tinken. Der wie gjin plantaazje en der wie ek net griemd mei in elektrisiteitsmeter."

Is der neat fûn, dan kin ik sa'n kontrakt net samar ûntbine.

Gooitzen de Haan, eigener kringloopwinkel Easterwâlde

De Haan kriget no fragen oer wat hy no dwaan sil mei it gebou en it hierkontrakt mei de beide mannen. "Ik wit it net. Ik haw noch gjin idee wat der fûn is. Is der neat fûn, dan kin ik sa'n kontrakt net samar ûntbine. De plysje seit wol dat it in sintrum wie fan kriminele aktiviteiten. Mar dêr haw ik noait wat fan fernaam."

Trefwurden: 
plysje brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)