Fryske motorklupleden oanhâlden yn grutte ynternasjonale drugssaak

02 mrt 2020 - 17:07

De plysje hat sân minsken oanholden yn it noarden fan Nederlân yn ferbân mei in grutte ynternasjonale drugssaak. Der hawwe santjin ynfallen west yn ûnder oare Ljouwert en Harns, mar ek yn Noardburgum en Westergeast. Inkelde fertochten binne lid fan ferskate motorklups.

Bylden fan de ynfal yn Noardburgum:

It giet bygelyks om in lid fan de Hells Angels yn Harns en in lid fan de Red Devils yn Ljouwert. Ek in lid fan de Hells Angels Finlân is oanhâlden. De fertochten meie allinnich mei harren advokaat kontakt hawwe.

Hûndert kilo amfetamine

De oanhâldingen folgen nei't de plysje hûndert kilo oan de harddrug amfetamine ûnderskept hat. Dy partij hat in strjitwearde fan 700.000 euro yn Finlân. De amfetamine wie ûnderweis nei Finlân en waard foar de grins mei Dútslân ûnderskept.

Foto: De Vries Media

De fertochten binne ynsletten foar fierder ûndersyk. Se wurde fertochte fan ynternasjonale harddrugshannel, wytwaskjen en dielname oan in kriminele organisaasje. Der wiene sa'n 170 meiwurkers fan de plysje en Definsje by de aksje belutsen.

Mear oanhâldingen ferwachte

De oanhâldingen binne it resultaat fan wiidweidich ûndersyk fan de regionale resjerzje en it Iepenbier Ministearje. Neffens it IM is it ûndersyk noch net klear en wurde mear oanhâldingen ferwachte.

Evelien Aangeenbrug fan de plysje oer it ûndersyk

Yn in animaasjefilmke set plysje Noard-Nederlân de feiten op in rychje:

(advertinsje)
(advertinsje)