Earste ljipaai fan Nederlân fûn yn Gelderlân

02 mrt 2020 - 16:49

It earste ljipaai fan Nederlân is moandei fûn yn Bruchem yn Gelderlân. Natuerorganisaasje LandschappenNL hat kontrolearre oft it om it earste ljipaai giet. Ferline jier waard it earste aai op 28 febrewaris fûn, by Vegelinsoard yn Fryslân.

It earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean - Foto: Bûn Fryske Fûgelwachten

De fynst fan it aai yn Gelderlân wie op in stik maislân. It waard fûn troch Jack van Dongen fan in greidefûgelbeskermingsgroep yn de Bommelerwaard. It earste aai wie ien fan in twake.

Yn Bruchem leine twa aaien yn it nêst. Eartiids wie it tradysje om de aaien mei te nimmen nei it provinsjebestjoer, mar dat is ûnderwilens ferbean. Us lân telt in hiel soad frijwillige fûgelbeskermers dy't it lân yn gean om te sykjen nei nêsten.

Trefwurden: 
fûgel ljipaai aaisykjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)