Snitser 'dumphoannen' moatte nei nij plak ta

02 mrt 2020 - 16:27

Troch útwreiding fan de wyk Harinxmalân yn Snits moat in âlde pleats it fjild romje. Dat betsjut dat de guozzen, skiep, ponnys en benammen de hoannen nij plak hawwe moatte.

De bisten jouwe allegearre mei-inoar in soad leven. Der spane op dit stuit sa'n 35 hoannen om by de fertutearze pleats, dy't harren allegearre hearre litte. "De meeste zijn hier afgezet. Gedumpt," seit Lelian te Velthuis, dy't de bistjes al jierrenlang fersoarget. "Ze worden door mensen ongevraagd langs gebracht, omdat ze weten dat er hier goed voor wordt gezorgd. Er zijn hier ook een paar uit het ei gekomen. Dat krijg je met hanen en kippen bij elkaar, maar dat is minimaal."

Mear as tûzen euro nedich

Foar 10 maart moatte alle bistjes fuort wêze, om't it lân brûkt wurde moat foar nijbou fan de Snitser wyk Harinxmalân. Uteinlik is der in plak fûn by it Ganzenparadijs yn Drinte. Dat is in spesjale opfang foar plomfee. "Daar mogen de hanen van hun pensioen genieten, maar dat kost dertig euro per haan. Met vijfendertig hanen kom je dan uit op meer dan duizend euro."

Om dat jild op te heljen is de dochter fan Lelian mei in ynsammelaksje begûn. Op dit stuit binne der sa'n tweintich hoannen adoptearre, en Lelian tinkt dat se foar de uterste datum fan 10 maart genôch jild binnen hat foar alle bistjes. Dochs sil Lelian se wol misse. "Ik heb er meer dan twintig jaar voor gezorgd. Het is nu tijd om afscheid te nemen. Dat is pittig."

Oarlochsbeam op it hiem

Neist de hoannen stiet der op it hiem fan de pleats oan de Oerdyk in spesjale beam. Dizze saneamde 'oarlochsbeam' krijt in twadde libben yn de nije wyk. It hout fan de âlde popelier komt werom yn de nije wyk. Dêrfan wurde boarterstastellen en bankjes makke. De boarterstastellen komme op in boarterseilân yn de nije wyk te stean. De bankjes moatte dêr ek in plak krije. Op ien bankje komt ek in plakkette mei de skiednis fan de beam te hingjen.

De hoannen hawwe nij plak nedich

Trefwurden: 
Snits Oerdyk Harinxmalân
(advertinsje)
(advertinsje)