Hûnderten frijwilligers meitsje strannen fan Skiermûntseach skjin

De strannen fan it waadeilân Skiermûntseach wurde healwei maart twa dagen lang opromme. By de strânskjinmakaksje sille sa'n 270 frijwilligers helpe om it ôffal op te romjen, yn it ramt fan de sechstjinde edysje fan NLdoet.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op it eilân leit noch in soad ôffal fan de kontenerramp mei de MSC Zoe, yn jannewaris 2019. Yn kombinaasje mei de trije stoarmen Ciara, Dennis en Ellen, wêrby't in soad ôffal oanspielde, leit der hiel wat ôffal om op te romjen. De boskwachters fan Natuermonuminten fine noch in protte skuon, boartersguod, kessens en matrassen.

Frijwilligers en gemeentemeiwurkers

Freed 13 maart sil in team fan santich frijwilligers út it opliedingssintrum fan de Koninklijke Marechaussee oan 'e gong mei it opromjen, by it waad en it westerstrân del. In dei letter sille noch ris twahûndert dielnimmers it strân tusken peal 3 en peal 16 frij meitsje fan ôffal. Meiwurkers fan de gemeente Skiermûntseach sille dy dei ek helpe.
It is de bedoeling dat yn twa dagen tiid it hiele eilân fan east nei west wer skjin wurdt en der tûzenen kilo's ôffal opromme wurde.