UNIS Flyers-foarsitter: "De fasiliteiten wurde stapke foar stapke minder"

"De fasiliteiten wurde stapke foar stapke minder." Dat seit Henk Hoekstra, foarsitter fan de UNIS Flyers. Hoekstra is net te sprekken oer de steat fan de iishockeyhal op It Hearrenfean, dy't neffens him al jierren ta is oan in flinke modernisearringsslach.
© Omrop Fryslân
Henk Hoekstra is ûntefreden oer de fasiliteiten dy't Thialf de iishockeyklup biedt. "Tink oan it dak dat ynstabyl wie, de flier dy't net hiel stabyl wie want dy lekt wol ris, en we hawwe netten dy't al fyftjin jier âld binne, dêr sitte wat gatten yn. Dy wurde dan noch wol makke, mar der bliuwe gatten yn sitten. Dus wy sjogge stadichoan dat de iishockeyhal ferâlderet. Wy hoopje ek dat we doch ris in kear folweardich behannele wurde."

Mear ambysje

IIshockeyklup UNIS Flyers hiert de iishockeyhal fan Thialf, dy't in akkomodaasje regelje moat dy't foldocht oan alle easken. Hoekstra: "Mar ik tink dat Thialf mear ambysje toane moat en plannen meitsje moat mei de hierders, om te sjen wat we no op topsportnivo hjir oanbiede kinne."

Wer ris útferkocht

De iishockeyers fan de UNIS Flyers waarden snein nasjonaal kampioen. Foar it earst sûnt 15 jier wie de iishockeyhal op It Hearrenfean mei goed trije tûzen minsken wer ris útferkocht.
UNIS Flyers-foarsitter Henk Hoekstra oer de iishockeyhal