Húsdokters Flylân net langer nedich by ambulânsesoarch

02 mrt 2020 - 14:05

De húsdokters fan Flylân moatte nei santjin jier gearwurking mei UMCG Ambulancezorg harren portofoan ynleverje. De ôfrûne jierren rieden de húsdokters fan Flylân by ynsidinten mei in twadde ambulânse, mar neffens it UMCG is tenei de ynset fan it ambulânseteam, de Waadhelikopter en boargerhelpferlieners genôch by needgefallen.

Foto: Srfotografie

Fan 1 septimber ôf wurdt it kontrakt dêrom opsein. De dokters binne dêr lykwols net bliid mei. Sy koene mei in portofoan altyd hearre wannear't harren help nedich wie en wannear't se eventueel útride koene.

Gearwurking beëinige

Neffens húsdokter Ferry Wolfswinkel fan Flylân is it bysûnder spitich dat de gearwurking, dy't sûnt 2003 bestie, no beëinige wurdt. "Wij werden geregeld extra ingezet voor spoedeisende ritten en hielpen dan de verpleegkundigen bij het geven van snelle zorg. Dat wordt nu een stuk lastiger."

Húsdokter Ferry Wolfswinkel fan Flylân

Mar neffens UMCG Ambulancezorg is de twadde ambulânse net langer nedich. It is wol sa dat de twadde ambulânse regelmjittich nei in melding útrydt, mar yn de praktyk wurdt de help fan dy twadde wein net altyd brûkt. Neffens UMCG Ambulancezorg wie de twadde ambulânse ferline jier net ien kear nedich.

Ek op Skiermûntseach wurdt al efkes wurke mei it ambulânseteam, de Waadhelikopter en boargerhelpferlieners. Dêr is dy ynset mear as foldwaande, seit bestjoerder Victor Verrijp.

"De tweede ambulance is eigenlijk niet meer nodig", fertelt Verrijp. "We kunnen eventueel altijd nog de traumahelikopter inzetten, maar dat gebeurt in de praktijk niet zo vaak. Ook kan er eventueel nog een boot worden ingezet voor het vervoer van de patiënt naar het vasteland."

Bestjoerder Victor Verrijp fan UMCG Ambulancezorg

Dat eventuele ferfier mei de boat, dêr sjocht húsdokter Wolfswinkel in mooglik probleem. "Vlieland ligt veel verder van het vasteland dan Schiermonnikoog. Een boottocht van hier naar Harlingen duurt veel langer. Datzelfde geldt voor de inzet van de Waddenhelikopter." UMCG lit witte dat it net sa is dat de helikopter der yn 'e nacht in kertier langer oer docht om Flylân te berikken.

Kontakt bliuwt

De portofoans dy't de húsdokters hiene, binne yntusken al ynlevere. Neffens UMCG Ambulancezorg bliuwt der noch wol gewoan telefoanysk kontakt tusken de helpferlieners en de húsdokters.

Trefwurden: 
Flylân soarch ambulânse UMCG
(advertinsje)
(advertinsje)