Plysje giet út fan brânstichting by grutte loadsbrân yn Easterwâlde

02 mrt 2020 - 12:19

De plysje giet út fan brânstichting by de grutte loadsbrân yn Easterwâlde. Dat is moandei bekend wurden. De lokaasje oan de Zoltstede is in 'plaats delict', dêr't grutskalich ûndersyk dien wurdt.

Undernimmers yn Easterwâlde meitsje harren al langere tiid soargen oer de feiligens op it bedriuweterrein oan de Zoltstede. In jier as wat lyn wiene der ek al problemen. De ûndernimmers ha mei-inoar in kollektyf opset om de befeiling oan te skerpjen.

Mear feilichheid

Jeep Dijkstra is belutsen by dit ûndernimmerskollektyf en hopet dat mear ûndernimmers har oanmelde sille. "Wa wit kin dit gefal helpe dat minsken lid wurde fan de kollektive befeiliging. As jo in groep ha dy't net meidocht, is dat spitich. It kin liede ta mear feiligens. As wy de surveillance-tiid opfiere kinne, soarget dat foar mear feilichheid."

Oergryslike ympakt

Oan dielname oan de kollektive befeiligersgroep wurde gjin easken steld. "It is moai dat der kamera's hingje, mar der is gjin ferplichting", seit Dijkstra. Hy is bot rekke troch de grutte brân yn de loads. "It hat in oergryslike ympakt. Mar ek mei 100 prosint befeiliging kin dit soart saken gebeure. As it in koartslutingsferhaal is, dan kin in befeiliger dêr ek neat oan dwaan."

Jeep Dijkstra oer it befeilingskollektyf

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)