Jack Kooistra nimt ôfskie yn styl

14 nov 2011 - 16:16

Mei in neispile rjochtsaak is rjochtbanksjoernalist Jack Kooistra (81) út Ljouwert moandei definityf mei pensjoen gien. Hy wurke 43 jier as rjochtbanksjoernalist foar it Frysk Deiblêd.

Yn de rjochtbank yn Ljouwert waard in rjochtsaak neispile, dêr't Kooistra yn fertocht waard fan it hurddraven op plakken dêr't dat net mocht. Hy waard úteinliks 'feroardiele' ta twa moanne finzenisstraf, ûnder betingst dat er geregeld in kollum skriuwt foar in finzeniskrante.

Oan de rjochtsaak wurken trije rjochters, offisier fan justysje Henk Mous en advokaat Hans Anker mei. Omrop Fryslân-ferslachjouwers Klaas Jansma en Auke Zeldenrust waarden oproppen as tsjûgen en generaal-bûten-tsjinst de hear Meines hâlde in koarte taspraak.

Kooistra is op dit stuit dwaande mei it skriuwen fan in boek: Repressailles. Yn dat boek komme de nammen fan minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch it slachtoffer waarden fan ferjildingsaksjes. It boek ferskynt takom jier april.

Trefwurden: 
Jack Kooistra
(advertinsje)