UPDATE: Twa ynsittenden auto komme om by ûngelok mei frachtwein by Burdaard

De beide ynsittenden fan de auto dy't moandeitemoarn yn botsing kaam mei in frachtwein binne op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. It ûngelok barde op de krusing fan de Kolkhuizerwei mei de Dokkumerstrjitwei by Burdaard.
UPDATE: Twa ynsittenden auto komme om by ûngelok mei frachtwein by Burdaard
It giet om in 80-jierrige man en in 77-jierrige frou fan Dokkum. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok.
Hoe't dat krekt barre koe, is op dit stuit net bekend. De frachtwein en de auto binne yn 'e sleat bedarre. De frachtweinsjauffeur is net ferwûne rekke.

Traumahelikopter

Der wiene meardere helptsjinsten oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Ek de traumahelikopter waard oproppen. De dyk tusken Burdaard en de rotonde by de N361 is ticht.