Fragen oer mooglike komst soarchynstelling yn Moskoupleats by Ketlik

Yn Ketlik is ûnrêst ûntstien oer de mooglike komst fan in soarchynstelling yn it doarp. Dat sizze de fraksjes fan de PvdA, CDA en Gemeentebelangen Hearrenfean.
© Google Streetview
Se wiene freed by in gearkomste fan pleatslik belang Ketlik en hearden doe oer de soargen fan de ynwenners. De soarchorganisaasje soe him fêstigje wolle yn de Moskoupleats yn Ketlik.
De riedsfraksjes wolle fan boargemaster en wethâlders witte oft sy witte fan de plannen en oft der in fergunning oanfrege is. Se freegje harren ek ôf oft it yn it bestimmingsplan past en oft it allegearre wol feilich is.