Mesdagfonds: wy ha ferkearde sifers oer stikstof nei bûten brocht

02 mrt 2020 - 11:07

De sifers dy't it Mesdagfonds op 20 febrewaris nei bûten brocht hat oer de stikstofútstjit, doge net. Dat seit it fûns sels yn in ferklearring. Neffens it fûns wie de lânbou ferantwurdlik foar 25 persint fan de stikstofdeposysje op natuergebieten, mar troch in 'bug' yn in rekkenmodel doocht dat persintaazje net.

Foto: Shutterstock.com

It rekkenmodel hjit OPS, wat stiet foar Operationele Prioritair Stoffen. Dat rekkenprogramma simulearret de fersprieding fan smoarge stoffen yn de loft. Neffens it Mesdagfonds koene se dat net witte doe't se de sifers berekkenen. Se litte de berekkening no opnij dwaan.

RIVM: konklúzje doocht net

It RIVM sei op 20 febrewaris al dat de konklúzje fan it Mesdagfonds net doocht. Ut harren sifers docht bliken dat de lânbou ferantwurdlik is foar 46 persint fan de stikstofútstjit.

It Mesdag Zuivelfonds is in belange-organisaasje, ea oprjochte út de noardlike boere-organisaasje NLTO, om de kwaliteit fan de molke te ferbetterjen. Dat is no ek noch de offisjele doelstelling fan de organisaasje. It bestjoer bestiet út trije minsken dy't direkt ferbûn binne oan melkfeehâlderijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)