Brân yn Ljouwerter wenning rap ûnder kontrôle

02 mrt 2020 - 10:59

De brânwacht fan Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei yn aksje kaam foar in brân yn in wenning oan de Ruyterwei yn Ljouwert. Yn de wenning wenje ferskate jongeren op in wengroep.

Foto: Anton Kappers

De brân bruts krekt foar ienen nachts út. De brânwacht skaalde fuortendaliks grut op en hie de brân rap ûnder kontrôle. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Wat krekt de oarsaak fan de brân wie, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht brân
(advertinsje)
(advertinsje)