Boargemaster Harry Oosterman: "Der gean in soad geroften oer de oarsaak fan de brân"

02 mrt 2020 - 08:58

Boargemaster Harry Oosterman moat noch altyd in bytsje bykomme fan de grutte brân yn Easterwâlde, dy't in loads yn de nacht fan sneon op snein folslein yn 'e jiske lei. "De grutte fraach is fansels hoe't de brân ûntstean koe. Der gean al in soad geroften oer de oarsaak fan de brân. Wy moatte goed sjen wat hjir bard is."

Yn it doarp binne allerhanne fragen oer hoe't de brân ûntstean koe. De ynspeksje docht noch ûndersyk nei de tadracht. Yn de tuskentiid wurdt de skea ynventarisearre. Boargemaster Oosterman: "Foar de ûndernimmers is dit in drama. Ik ha noch net in protte mei ûndernimmers praat, mar foar it MKB is dit in klap."

'Foute boel'

Undernimmer Johan Mulder kaam mei de skrik frij. Syn ekspedysjebedriuw Mulder & Zn. leit njonken de loads dy't yn flammen opgong. "Doe't ik oanriden kaam, seach ik wol: dit is foute boel. Mar it wie spannend. It makke djippe yndruk. Wy ha gelok hân mei de wynrjochting. Wy binne troch it each fan de nulle krûpt. In frachtwein fan ús hat wol brânskea oprûn, mar wy ha 'm behâlde kinnen."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Grutte bewûndering

Boargemaster Oosterman is grutsk op alle brânwachtkorpsen dy't yn aksje komme moasten. Oosterman: "Wy ha snein mei de minsken dy't hjirby belutsen wiene in koarte evaluaasje hân. Ik ha grutte bewûndering foar de brânwacht, dy't foarkaam hat dat it slimmer wurden is. Kompliminten ek oer de gearwurking tusken de brânwacht en de gemeente."

Ek Mulder is wiis mei de rappe helpferliening: "Ek wy binne fol lof oer de brânwacht. Yn ien wurd geweldich."

Boargemaster Harry Oosterman

Mear nijs yn Easterwâlde

Freed waard der in ynfal dien troch de plysje en definsje yn de Kringloopwinkel yn Easterwâlde, dêr't yn wapens en drugs hannele wurde soe. In 34-jierrige man út Easterwâlde en twa manlju út Ljouwert fan 34 en 31 jier waarden oanhâlden as fertochte.

(advertinsje)
(advertinsje)