Kollum: "Stean foar Stefan"

02 mrt 2020 - 08:26

"Ferline wike hie ik in ynterview mei ultra-atleet Stefan van der Pal út Ljouwert. Dat fertelde ik thús oan de keukentafel. 'Huh, mei wa?' waard der frege. Presys. Sjoch hjir it probleem fan Stefan van der Pal: in protte minsken kenne him net. Mar dêr komt wat my oangiet sa gau as mooglik feroaring yn.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Stefan van der Pal sil op 2 july de Alvestêdetocht swimme. Wa't tocht dat Maarten van der Weijden soks allinnich kin, hat it mis. Stefan hat it nammentlik alris earder dien yn 2011. Dat wie, moat ik tajaan, yn estafette-foarm mei noch fjouwer oare manlju, mar dochs. Stefan hat der alle fertrouwen yn dat er ek yn syn uppy hast 200 kilometer swimme kin.

Hy is al moannen drok dwaande mei syn tariedingen en swimt oeren en oeren efter inoar om te trainen foar syn grutste útdaging ea. Hy hâldt maratonsessys fan wit ik hoefolle oeren yn swimbad It Kealledykje en dobberet hast alle dagen yn syn eigen swimbad yn de kelder fan syn hûs. En dochs wurdt der lang net sa folle omtinken oan dizze held jûn as ferline jier oan Maarten.

Gjin NOS dy't de hiele tocht live streame sil. Gelokkich wol de Omrop dy't fan de partij is. Gjin BN'ers dy't no al roppe dat se meiswimme sille. Gelokkich wol gewoane Nederlanners dy't it swimpak al klearlizzen ha. Gjin Telegraaf mei in foarpagina-artikel. Gelokkich wol De Westereender dy't him op de foarkant set. Mar earlik is earlik: dat fielt dochs oars.

Doe't ik Stefan dêr nei frege, helle er de skouders op. "Wy ha net de yllúzje dat it sa grut wurdt as mei Maarten", joech er ta. "Mar dat is ek hielendal net wêr't it by ús om draait. Ik hoech der net sa'n mediasirkus om hinne. Mar ik hoopje wol dat der aanst wat minsken oan de kant stean om nei my te swaaien."

En dêr hoopje ik ek op. Dat wy aanst krekt lykas ferline jier wer mei ús allen lâns de rûte stean as Stefan lânskomt. Dat boeren him byskine mei harren trekkers yn de nacht. Dat Fryslân dei en nacht foar de telefyzje sit as Stefan swimt. Want just hy fertsjinnet dit.

Stefan is nammentlik krekt as ús in deagewoane Fries. Dosint gymnastyk, dy't njonken syn wurk elk frij oerke yn it wetter leit om te trainen foar mar ien doel: jild ophelje tsjin kanker. Dit wurdt gjin one man show, mei stânbylden lâns it wetter. Dit is in topprestaasje yn syn meast suvere foarm.

Ik ha it alfêst yn myn aginda setten. De start fan Stefan syn Alvestêdeswimtocht op 2 july om fjouwer oere middeis. En 3 july. En 4 july. En fansels de finish op 5 july. It earste wykein fan de simmerfakânsje ha wy hjir yn Fryslân wat te dwaan. Wy moatte der stean foar Stefan bliksem!"

(advertinsje)
(advertinsje)