GGD Fryslân: "Pear Friezen test op coronafirus, mar alle testen wiene negatyf"

02 mrt 2020 - 08:05

Yn Fryslân binne in pear minsken test op it coronafirus, mar oant no ta wiene dizze testen alle kearen negatyf. "It giet om minsken dy't weromkomme út in regio dêr't it coronafirus is", fertelt Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. "As sa'n fakânsje minder as twa wike lyn is, dan kinne minsken belje en wurde se test. Mar yn alle gefallen wiene de testen negatyf."

Foto: Shutterstock.com

Alle dagen krijt de GGD sa'n 60 oant 100 telefoantsjes binnen fan minsken dy't harren soargen meitsje. Dat falt noch ta, fynt De Graaf. "Friezen binne gelokkich in aardich rêstich folkje, dus it falt oant no ta." En dat is mar goed ek, want yn prinsipe is der noch altyd gjin reden ta panyk", fynt De Graaf. "It coronafirus liket net gefaarliker as in gewoane gryp. Wy hâlde it ekstra goed yn de gaten, om't it in nij firus is."

Efkes belje

Telefoantsjes gean benammen oer fragen fan minsken dy't op fakânsje west hawwe. Mar ek húsdokters dy't foar de wissichheid efkes belje om te kontrolearjen oft in pasjint corona hat.

De hannen geregeld waskje en yn in bûsdoek of de binnenkant fan dyn earmtakke kochelje, binne de meast wichtige foarsoarchmaatregels om corona tsjin te gean. De Graaf: "Wês alert, mar de kâns is grutter datst de gewoane gryp krijst."

Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân gryp coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)