Trainer Ten Berge ferlinget kontrakt by fuotbalfroulju SC Hearrenfean

02 mrt 2020 - 06:33

Haadtrainer Roeland ten Berge ferlinget syn kontrakt by de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean. Ten Berge is al trije jier haadtrainer en naam yn 2017 it stokje oer fan Jan Schulting.

Foto: SC Hearrenfean

Ten Berge is tige optein oer de ferlinging fan syn kontrakt. "Ik heb het hier naar mijn zin. Dat maakt dat ik heel graag door wil. We zijn heel stabiel aan het bouwen met elkaar. Ik werk met ambitieuze mensen en ik heb nog steeds het gevoel dat we stappen zetten met elkaar." As foarbyld neamt er de saneamde 'frouljus lounge' en it trainingskamp.

Kritysk

Ek foarsitter Jessica Roosenburg is bliid mei de kontraktferlinging. "Ik hoor van speelsters dat ze nog heel veel van je kunnen leren. ik vind het fijn dat je kritisch bent, zodat we samen dingen mooier en beter kunnen maken. We willen het spel optimaliseren en professionaliseren."

Jong talint

Neffens Ten Berge lûkt it profesjonalisearjen fan it frouljusfuotbal ek nij talint nei It Hearrenfean: "Ook speelsters van buiten de club willen graag bij ons komen voetbal. We halen steeds meer jonge talentvolle speelsters binnen."

(advertinsje)
(advertinsje)