Plysjeman mei mes delstutsen yn Drachten, fertochte delsketten

01 mrt 2020 - 22:01

Yn Drachten is sneintejûn in plysjeman delstutsen. De plysje wie op in hûs oan de Nachtegaalstrjitte ôf kaam op in melding fan húslik geweld. Nei't de plysjeman dêr oanfallen waard mei it mes, hat de plysje de fertochte delsketten. Mei de plysjeman giet it nei omstannichheden goed. De fertochte leit swierferwûne yn it sikehûs.

Plysjewurdfierder Paul Heidanus oer wat der bard is:

Plysjewurdfierder Paul Heidanus: "We kwamen af op een melding van huiselijk geweld. De vrouw heeft de politie gebeld nadat ze de woning uit was gevlucht. We troffen de man aan in de woning. Op een onbewaakt moment stak de man mijn collega. Een andere politiecollega wist de man neer te schieten." Foardat de plysjeman delstutsen waard, ha de twa plysjes koart mei de fertochte yn it hûs praat.

Sawol de plysjeman as de fertochte binne nei it sikehûs brocht. "Dit incident heeft een grote impact op de collega en op het hele team", seit Heidanus. Hy fertelt net op wêr yn it lichem de plysjeman stutsen is. "Dat maakt onderdeel uit van het onderzoek."

Bylden fan nei it ynsidint:

De Ryksresjerzje sil it sjitten troch de plysje ûndersykje. Dat is de standertproseduere as de plysje sjit en dêrby ien ferwûne rekket. It stekynsidint wurdt ûndersocht troch de resjerzje fan de Plysje Fryslân.

In buertbewenner seit dat de plysje faker oan dat adres kaam. "En no dit ynsidint. Ik hearde en knal en doe wie de plysje hjir al. Ik ha sjoen dat er hjir bûten lei, op de grûn."

Buertbewenner Marten Oevering:

Trefwurden: 
plysje Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)