Brânwacht yn Easterwâlde wer oan it neiblussen, alle bewenners yntusken thús

De brânwacht fan Easterwâlde is sneintejûn opnij oproppen foar de grutte brân yn de loads. Se moasten noch 'neiblusse'. Der hiene se oant 17.30 ek al mei dwaande west.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De ferwachting fan de brânwacht is dat der de kommende oeren en dagen faker meldingen komme foar de brânwacht foar dit soart wurk.

Omwenners wer thús

Alle omwenners binne yntusken wer thús. Der is gjin asbest frijkaam by de brân, seit de gemeente Eaststellingwerf op Twitter.
Der is sneintemoarn betiid yn Easterwâlde in loads fan sa'n 80 by 120 meter yn 'e jiske lein. De technyske resjerzje ûndersiket de oarsaak fan de brân.