Achtkarspelen net yn protest tsjin leechfleanrûte: moasje hellet it krekt net

01 mrt 2020 - 20:48

De gemeente Achtkarspelen tekenet foarearst gjin beswier oan tsjin de plannen om leechfleanrûte oer it easten fan Fryslân wer te brûken. In moasje om mei oare oerheden yn aksje te kommen tsjin de rûte, helle it krekt net yn de ried.

De earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Definsje wol in leechfleanrûte foar strieljagers nei achttjin jier mooglik nij libben ynblaze. De rûte 10A giet ek oer Achtkarspelen. Op de rûte mochten fleantugen fan Definsje op 75 meter hichte oefenflechten útfiere. Definsje hat wol sein dat se der no gjin ferlet fan ha om dy rûte wer yn gebrûk te nimmen, mar yn de takomst soe dat ferlet wol ûntstean kinne.

Helte fan CDA foar, oare helte tsjin

De riedsfraksjes fan FNP en PvdA woene dat dy rûte folslein skrast wurdt. Ien fan de arguminten fan de partijen tsjin de rûte is de oerlêst foar minsken en bisten. It iennige GrienLinks-riedslid en de helte fan de CDA-fraksje (3 fan de 6) stipen it foarstel. Dêrmei helle de moasje it krekt net: tsien foar, alve tsjin.

Guon riedsleden stimden tsjin de moasje om dat se in grut belang hechtsje oan de feilichheid. Boppedat sizze se dat it noch hielendal net wis is dat Definsje de rûte wer brûke sil.

(advertinsje)
(advertinsje)